Menear Alex - Reisverslag uit Whangarei, Nieuw Zeeland van Neeltsje Bouma - WaarBenJij.nu Menear Alex - Reisverslag uit Whangarei, Nieuw Zeeland van Neeltsje Bouma - WaarBenJij.nu

Menear Alex

Door: Neeltsje

Blijf op de hoogte en volg Neeltsje

31 Maart 2015 | Nieuw Zeeland, Whangarei

Hjoed bin ik oan it kuierjen yn Whangarei. Myn camping sit 5 kilometer búten it stedzje, mar al hiel tichtby in prachtige wetterfal fan wol 26 meter heech. Dus der kuierje ik lekker rún en dernei noch troch it Kauri Park wer beamen fan wol 500 jier âld stean. Dit binne dan ek reusachtige beamen en ik bin ûnder de indruk. Dernei wol ik graach nei it sintrum fan it stedzje ta rinne. De kaart dy ik by my ha is no net echt dúdlik en dan sjuch ik ek noch dat derop stiet dat dizze kaart net op skaal is. Wat stom tink ik. Miskien is it noch wol in hiel ein nei it stedzje. In bytsje fjirder sjuch ik wer in grutte wetterfal. Oan de oare kant stjit in man. Ik rin syn kant út. Hy seit hoi en freeget wer’t ik wei kom. Ik bin hjir al oan went en sjuch hjir net raar fan op. De minsken hjir binne allegeare hiel freonlik en meitsje faak in praatsje at se ien tsjin komme. Foaral op plakken wer’t it net sa drok is. Ik freegje him hokker kant ik út moat rinne at ik nei it stedzje wol. Ik kin dy wol in lift jaan seit er. Hy moat noch efkes op in famke wachtsje seit er want hy docht coachsurfing, hy is in host. O... tink ik, in famke, coachsurfing.. Ik sjuch em efkes oan. Hoe âld soe der wese, ein fuftig skat ik. Miskien begjin sechstich. Hy hat wat boalle wangen, in bytsje in reade kop en in hiele dikke búk. Net dat de rest net dik is, mar syn búk is toch wol it dikste. Hy seit noch in kear, se komt der sa oan, dan kin ik dy wol in lift jaan. Ik ha al in oantal kear earder lift en ha net sa folle nocht om noch nei it stedzje ta te kuierjen en hy sjucht der net onaardich út dus ik stem yn. It famke wat der oan komt rinnen sjucht der ek net onaardich út en ik tink dat se in bytsje jonger is as my. We stelle us foar en de man hyt Alex. It famke har namme bin ik ferjitten, mar se komt út Frankrijk, dat wit ik noch wol. Dus we nimme har mar Frânsk famke. It Frânske famke hat krekt oan it parachute springen west en se is helendal enthousiast. It is ek hast lunchtiid seit Alex. Ik ha san honger! Ik sjuch noch ’s nei syn búk. We stappe de auto yn en gean op wei. We moat earst mar ’s lunchen neffens Alex. Wolst ek mei freeget der? Efkes in kopke tee by my thus? Och, werom net tink ik. In lyts kwartierke letter stappe we syn hús binnen. It is in lyts smoek húske. Alex set tee foar it Frânsk famke en my en freeget at der ek wat yn moat. Nee hjer sis ik. Ik bin krekt oars om seit der, ik drink altyd kofje mei súker deryn. Ik sjuch noch ’s nei syn búk. Alex dekt de tafel. Der komt boalle, búter, tsiis, ham en tomaat op tafel. Pak mar hjer, mei ferlegenheid kom je nergens yn dizze wrald. Nee, der sit wol wat yn tink ik. Ik gean sitten en yt lekker myn stikje boalle op en sjuch om my hinne. Der lizze moaie gehaakte tekkens op de bank. Hat myn mem makke seit Alex. Dy tekkens bin wol twintich jier âld. Der stean in soad boeken en dvd’s yn syn hûs. Alex fertelt oer it coachsurfing. Hy hie in kear wol acht minsken tagelyk. Der binne al in hiel soad minsken by him oer de flier west. Dy sliepe dan fergees in pear nachten by him en hy lit syn wenplak sjen. Ik fien it in moai concept, mar toch fyn ik it wol in bytsje apart. Miskien net iens apart, mar in bytsje eng. Je wit mar nea wer je te lane komme en of wa’t je yn hûs helje. Mar Alex hat al in hiel soad minsken underdak ferskaft en lit my in boekje sjen wer’t alle minsken dy’t by him west ha wat ynskreaun ha. Ik bledder it boekje troch. It is hast fol. Wat foar soad man soe Alex wese freegje ik my of en werom docht er dit? Ik sjuch noch ’s om my hinne en sjuch ek in soad foto’s oan de wand. Op ien foto stiet der mei in frou. Alex sjucht der hiel lokkich út. Ik doar der net nei te freegjen.
Ik ha de camping al boekt hjir freeget er. Ja sis ik. Spiitich, sei der, oars hiest hjir ek moai sliepe kint. Fyn ik wol gesellich hjer. Ik wit net at ik it no jammer fyn dat ik myn camping al betelle ha of at ik it spiitich fyn dat ik it al betelle ha.
Nei de lunch sille Alex en it Fransk famke nei in park wer’t se allegeare fûgels ha. Se ha ek in kiwi! At ik ek mei wol. No, fansels. Ik ha de kiwi sjoen, hjer en net samar in kiwi, nee, it wie Sparky the one leged kiwi. Ik mocht em aaie en in kiwi fielt hiel apart. Dernei ha we noch in wetterfal besjoen. Toen begong it te reinen en gongen we wer werom. Alex hat my sels noch nei de camping werom brocht. Hy ridde it terein op. Welke tint is fan dy? Foar myn tint hat er my utsetten. Bedankt Alex sis ik. Ik fún it in hiele geselliche dei. Júns at ik op myn luchtbedzje lis tink ik noch ’s oan it Frânsk famke, Alex en it coachsurfing. Toch stoer dat se doart tink ik. En noch nea problemen han sei se. En die Alex, aardiche vent. Ik tink noch ’s oan de foto’s die oan syn wand hongen. Ik tink dat er it gewoan gesellich fynt en net sa graach allinich is. Coachsurfing, miskien is it doch net san raar idee.


Meneer Alex

Vandaag ben ik aan het wandelen in Whangarei. Mijn camping ligt 5 kilometer buiten de stad, maar is heel dichtbij een prachtige waterval van wel 26 meter hoog. Dus wandel ik daar lekker rond en daarna nog door het Kauri Park waar bomen van wel 500 jaar oud staan. Dit zijn dan ook reusachtige bomen en ik ben onder de indruk. Daarna wil ik graag naar het centrum van de stad lopen. De kaart die ik bij me heb is niet echt duidelijk en dan zie ik ook nog dat erop staat dat deze kaart niet op schaal is. Wat stom denk ik. Misschien is het nog wel een heel eind naar de stad. Een beetje verderop zie ik weer een grote waterval. Aan de andere kant staat een man. Ik loop zijn kant op. Hij zegt hoi en vraagt waar ik vandaan kom. Ik ben hier al aan gewent en kijk hier niet raar van op. De mensen hier zij allemaal erg aardig en knopen vaak een gesprek aan als ze iemand tegen komen. Vooral op plekken waar het niet zo druk is. Ik vraag hem welke kant ik uit moet lopen als ik naar de stad wil. Ik kan je wel een lift geven zegt hij. Hij moet nog even op een meisje wachten zegt hij, want hij doet coachsurfing, hij is een host. O... denk ik, een meisje, coachurfing.. Ik kijk hem even aan. Hoe oud zou hij zijn, eind vijftig schat ik. Misschien begin zestig. Hij heeft wat bolle wangen, een beetje een rood hoofd en een hele dikke buik. Niet dat de rest niet dik is, maar zijn bui is toch wel het dikste. Hij zegt nog een keer, ze komt er zo aan, dan kan ik je wel een lift geven. Ik heb al een paar keer eerder gelift en heb niet zoveel zin om nog naar de stad te wandelen en hij ziet er niet onaardig uit dus ik stem in. Het meisje wat er aan komt lopen ziet er ook niet onaardig uit en ik denk dat ze een beetje jonger is dan mij. We stellen ons aan elkaar voor en de man heet Alex. Het meisje haar naam ben ik vergeten, maar ze komt uit Frankrijk, dat weet ik nog wel. Dus we noemen haar maar Frans meisje. Het Franse meisje heeft net parachute gesprongen en is helemaal enthousiast. Het is ook bijna lunchtijd zegt Alex. Ik heb zo’n honger! Ik kijk nog eens naar zijn buik. We stappen in de auto en gaan op weg. We moeten eerst maar eens lunchen volgens Alex. Wil je ook mee? Even een kopje thee bij mij thuis? Och, waarom niet denk ik. Een klein kwartiertje later stappen we zijn huis binnen. Het is een klein gezellig huisje. Alex zet tee voor het Franse meisje en mij en vraagt of er ook wat in moet. Nee hoor zeg ik. Ik ben net andersom zegt hij, ik drink altijd koffie met suiker erin. Ik kijk nog eens naar zijn buik. Alex dekt de tafel. Er komt brood, boter, kaas, ham en tomaat op tafel. Pak maar hoor, met verlegenheid kom je nergens in deze wereld. Nee, daar zit wel wat in denk ik. Ik ga zitten een eet lekker mijn broodje op en kijk om mij heen. Er liggen mooie gehaakte dekens op de bank. Heeft mijn moeder gemaakt zegt Alex. De dekens zijn wel twintig jaar oud. Er staan ook veel boeken en dvd’s in zijn huis. Alex vertelt over het coachsurfing. Hij heeft een keer wel acht mensen tegelijk in zijn huis gehad. Er zijn al heel veel mensen bij hem over de vloer geweest. Die slapen dan gratis een paar nachten bij hem en hij laat zijn woonplaats zien. Ik vind het wel een mooi concept, maar toch vind ik het ook wel een beetje apart. Misschien niet eens apart, maar een beetje eng. Je weet maar nooit waar je terecht komt of wie je in huis haalt. Maar Alex heeft al heel veel mensen onderdak verschaft en laat mij een boekje zien waar alle mensen die bij hem geweest zijn wat in hebben geschreven. Ik bladder het boekje door. Het is bijna vol.
Wat voor soort man zou Alex zijn vraag ik mij af en waarom doet hij dit? Ik kijk noch eens om mij heen en ik zi ook veel foto’s aan de wand. Op één foto staat Alex met een vrouw. Alex ziet er heel gelukkig uit. Ik durf er niet naar te vragen.
Je hebt de camping al geboekt vraag hij. Ja zeg ik. Jammer, zegt hij, anders had je hier ook mooi kunnen slapen. Vind ik wel gezellig hoor. Ik weet niet of ik het nu jammer vind dat ik mijn camping al betaald heb of dat ik het jammer vind dat ik het al betaald heb.
Na de lunch zullen Alex en het Franse meisje naar een park waar allemaal vogels zijn. Ze hebben ook een kiwi. Of ik ook mee wil. Nou, natuurlijk. Ik heb de kiwi gezien hoor en niet zomaar een kiwi, nee, het was Sparky the one leged kiwi. Ik mocht hem aaien en een kiwi voelt heel apart. Daarna hebben we nog een waterval bekeken. Toen begon het te regenen en gingen we weer terug. Alex heeft me zelfs nog naar de camping terug gebracht. Hij reed het terein op. Welke tent is van jou? Voor mijn tent heeft hij mij eruit gezet. Bedankt Alex zeg ik. Ik vond het een hele gezellige dag. ’s Avond als ik op mijn luchtbedje lig denk ik nog eens terug aan het Franse meisje, Alex en het coachsurfing. Toch stoer dat ze dat durft denk ik. En nog nooit problemen gehad zei ze. En die Alex, een aardige vent. Ik denk nog eens aan de foto’s die aan zijn wand hingen. Ik denk dat hij het gewoon gezellig vind en niet graag alleen is. Coachsurfing, misschien is het toch niet zo’n raar idee.

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Nieuw Zeeland, Whangarei

Neeltsje

Actief sinds 06 Maart 2014
Verslag gelezen: 1214
Totaal aantal bezoekers 6798

Voorgaande reizen:

04 Februari 2015 - 27 Juni 2015

Nieuw Zeeland en Australië

06 Maart 2014 - 31 December 2014

Vrijwilligerswerk in Engeland

Landen bezocht: