De ôfritsbroek - Reisverslag uit Akkrum, Nederland van Neeltsje Bouma - WaarBenJij.nu De ôfritsbroek - Reisverslag uit Akkrum, Nederland van Neeltsje Bouma - WaarBenJij.nu

De ôfritsbroek

Door: Neeltsje

Blijf op de hoogte en volg Neeltsje

12 Maart 2014 | Nederland, Akkrum

'Hoi Neel'.
'Hoi mem, hast efkes tiid?'
'Ja, wat is er?'
'Nou, ja, ik ha in hiele ôfgryslike broek oan... in ôfritsbroek'.
Mei myn tillefoan yn myn hannen stean ik yn in paskeamer rûn te draaien foar de spegel. De ôfkear oer de broek is yn myn stem te hearren.
'No, handich toch'. Seit mem.
'Ja, no, ja... ik ha der al wat in dikke kont yn en ik wit eins ek net at it no in mannen of in frouenbroek is'.
'Ach, die broeken, die binne allegeare uni-sex. Is der djoer dan?'
Miskien binne die broeken inderdaad wol uni-sex tink ik wylst ik noch hieltiid rûn draai foar de spegel en ja, in dikke kont is noch altiid better as gjin kont.
'Hy is no yn de oanbieding': sis ik mei myn eachen noch hieltiid op de spegel rjochtte.'
'En hokker kleur is it?'
'Blauw'.
'Harstikke moai toch'.
'Ja, der is ek noch in oare kleur, in bytsje brún.'
'Ja, krekt.'
'Ik soe gewoan de blauwe dwaan.'
'It liket mei handich.'
'Oke, naja, dann... ehm.. dan moat it mar.'
In pear minuten letter rûn ik nei bûten mei in ôfritsbroek, mar der bleaun it net by, want neist dy broek ha ik ek noch oare sportklean, sandalen en thermoklean helle. En nee, ik bin gjin tutsje. Make-up ha ik faaks net als al op, mar om mn klean no sportief en praktisch te neamen, nee, dat kin ik net bewere. Dus dit wie hiel wat foar my. Oke, in Speedoswimpak gong my noch krekt wat te fier. Mar ik ha al in stevige bikini mei brede bantsjes kocht, sadat der niks út floept. Wat dus lesten wol mei dy oare bikini it gefal wie, mar dat docht der net ta, dat is wer in oar ferhaal.
Thús foar de spegel die ik myn outfit nog efkes oan. Thermoshirt, in sweater, ôfritsbroek en myn sandalen der onder. Eins hat it wol wat. It sjocht der wol stoer út. Ja, ik lykje in echte outdoorpersoan of hoe't je dat mar neamme. En toen wie ik der klear foar.


  • 12 Maart 2014 - 21:34

    Brechtje:

    Wat in moai ferhaal Neel! Ik sjoch al út nei it folgjende ferhaal! :)

  • 12 Maart 2014 - 21:34

    Lucas:

    In het fries, gelukkig heb ik Brechtje die het mij voor mij heeft vertaald. Ik ben wel benieuwd naar de foto van de hele outfit.

  • 12 Maart 2014 - 21:34

    Brechtje:

    Wat in moai ferhaal Neel! Ik sjoch al út nei it folgjende ferhaal! :)

  • 12 Maart 2014 - 21:40

    Neeltsje Bouma:

    Ik wilde het ook nog in het Nederlands onder zetten, maar dat lukt niet meer. Ik dacht dat ik het later nog wel kon aanpassen, maar waarschijnlijk niet. Het volgende verhaal wordt zowel in het Fries als Nederlands.

  • 12 Maart 2014 - 23:16

    Grietje Hiemstra:

    Heel veel plezier daar ginds!

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Nederland, Akkrum

Vrijwilligerswerk in Engeland

Survivallen in Engeland

Recente Reisverslagen:

02 Augustus 2014

1,66

05 Juli 2014

Fuck!

08 Juni 2014

It Ingelske waar

24 Mei 2014

Lang libje de pyjama!

27 Maart 2014

Kanoën en kajakken
Neeltsje

Actief sinds 06 Maart 2014
Verslag gelezen: 393
Totaal aantal bezoekers 6803

Voorgaande reizen:

04 Februari 2015 - 27 Juni 2015

Nieuw Zeeland en Australië

06 Maart 2014 - 31 December 2014

Vrijwilligerswerk in Engeland

Landen bezocht: